Priis foar Maritime Akademy

02 apr 2008 - 22:17

De Maritime Akademy yn Harns hat as earste skoalle yn de skiednis in belangrike priis foar de binnenfeart wûn. De priis is takend troch it Kristlik Bûn foar Undernimmers yn de Binnenfeart. It bûn fynt dat de akademy it ûnderwiis yn de sektor fernijt en modernisearret.

De fernijing fan it ûnderwiis is nedich omdat de binnenfeart foar de takomst sit te springen om personiel dat goed oplaat is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)