Mear glêstúnbou by Seisbierrum

© Omrop Fryslân
It gebiet mei glêstúnboukassen yn Seisbierrum wurdt fjouwer kear sa grut. Plannen dêrfoar binne woansdei ûndertekene. Der komt wurk foar sa'n tûzen minsken.
De provinsje en de gemeente wolle by de plannen sa folle mooglik rekken hâlde mei it lânskip. Dêrfoar wurdt 8 miljoen fan de 33 miljoen euro beskikber steld. Dat wurdt brûkt foar in gebiet fan 35 bunder grien om de kassen minder yn it sicht te hawwen.