Rûte by V2-raketten del

02 apr 2008 - 16:59

Yn de bosk by Riis is in kuierrûte oanlein by plakken del dêr't yn de oarloch Dútse V2-raketten ôfsketten binne. It paad rint by plakken del dêr't de histoarje fan dizze raketten werom te finen is. Der is net folle te sjen, it giet om de ferhalen.

De rûte is útset troch besikerssintrum Mar_en_Klif en It_Fryske_Gea om de skiednis libbendich te hâlden. Dútsers skeaten yn 1944 sa'n 75 raketten ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)