Flitsfergunning by nije huzen

'artist impression' fan de nij te bouwen wenwyk
Minsken dy't in hûs bouwe wolle yn de nijbouwyk Wyldehoarne op De Jouwer krije har boufergunning fuort nei de oanfraach al mei. Foar it krijen fan dizze flitsfergunning moatte de minsken tekenje foar in kontrakt mei de gemeente.
Yn dat kontrakt stiet dat it hûs dat se bouwe foldocht oan in grut tal strange easken op it mêd fan duorsume enerzjy. It giet bygelyks om it brûken fan ierdwaarmte en sinne-enerzjy.