Lêste tegels op brêge Gytsjerk

It alvestêdebrechje by Gytsjerk sit fol. De binnenkant fan de brêge wurdt yn juny mei de lêste 180 tegels betegele. Op de tegels steane ôfbyldingen fan reedriders dy't de tocht in kear riden ha. De lêste dagen wiene der noch in hiel soad fragen om in plakje op de brêge.
De súdkant fan de brege is noch leech. Dêr kinne 3000 tegels op, mar dêrfoar is it earst wachtsjen op in nije Alvestêdetocht.