Jongere-opfang yn Koartehimmen

© Omrop Fryslân
Der komt in opfang foar jongeren yn it eardere kongressintrum Woodbrookers yn Koartehimmen. De ried is akkoart gien mei de plannen. Der moatte jongeren tusken de 12 en 18 mei psychyske en gedrachsproblemen opfongen wurde.
Jeugdhulp_Friesland en de buorlju binne it lykwols noch net iens. Fan de 29 omwenners wolle mar fjouwer in hanteken sette ûnder in oerienkomst. De buorlju ha noed oer feilichheid. Wethâlder Veenstra wol bemiddelje.