Test mei nij type ambulânse

02 apr 2008 - 09:56

UMCG Ambulancezorg set ynkoarten trije multyfunksjonele ambulânses yn. Dy sike-auto's binne geskikt om bygelyks hiel swiere minsken of te betiid berne poppes te ferfieren. Yn de auto is ek romte foar in folslein medysk team.

Der binne twa typen fan dizze spesjale ambulânse. Beide wurde twa jier lang test yn de trije noardlike provinsjes. Der is ûnder oare in ambulânsepost yn Ljouwert. Fan 9 april rydt de ambulânse yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)