Steegdenhal noch net te keap

02 apr 2008 - 08:31

De ferkeap fan sporthal de Steegdenhal yn Appelskea giet foarearst net troch. De gemeente wol de hal ferkeapje oan it bedriuw LACO Eaststellingwerf. Dy beheart meardere sportfoarsjennings yn de gemeente.

De ried is noch net oertsjûge fan de needsaak fan de ferkeap. De riedsleden wolle dat it gemeentebestjoer der nochris goed oer neitinkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)