Rabobanken fusearje
De Rabobanken fan De Lauwers en Burgum-Eastermar geane tegearre fierder. De leden fan beide banken hawwe de fúzje goedkard. Troch de fúzje ûntstiet in bank mei goed 1,5 miljard euro op de balâns en 250 meiwurkers.
Foar de meiwurkers en de klanten fan de 12 festigings feroaret der nei de fúzje neat.