Defibrilators by sportsintra

01 apr 2008 - 20:47

Trije nije defribilators moatte it sporten yn Drachten in stik feiliger meitsje. Yn swimbad De Welle, sporthal De Drait en sportsintrum Drachten komt nije apparatuer foar it reanimearjen fan ien dy't in hertstilstân hân hat.

De oerlibbingskâns nimt dertroch mei goed 50 persint ta. De defibrilators binne oanskaft troch Sportbedriuw Smellingerlân. De ôfrûne dagen ha de 35 meiwurkers leard hoe 't se mei de apparatuer omgean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)