Iepen farrûte nei Wytmarsum

Bou fan iepen Mennistetsjerke yn Wytmarsum
Tusken Wytmarsum en Penjum moat in nije iepen farrûte komme. Dat wol de wurkgroep Witmarsum Bewogen foar stimulearring fan toerisme. In gemaal set de farrûte op slot. Yn oerlis mei it Wetterskip Fryslân wol de wurkgroep besjen of't dat ek fuort kin.
By it doarp wurdt wurke oan in grut rekreaasjepark. De nije farrûte soe dêr in goede oanfulling op wêze. Boppedat is it ek attraktyf foar Mennistepylgers, fynt de wurkgroep.