Rie fan bestjoer Pasana fuort

01 apr 2008 - 13:40

De rie fan bestjoer fan soarchgroep Pasana is opstapt. Under Pasana falt ûnder oare sikehûs De Sionsberg yn Dokkum, mar ek fersoargings- en ferpleechhûzen. De rie fan bestjoer en de rie fan tafersjoch wiene it net iens mei-inoar, wêroer is net dúdlik sein. Bemiddeling tusken beide partijen hat neat holpen. Foarsitter Pruis en lid Koetje fan de rie fan bestjoer gean fuort. Sy foarmen mei har beiden de direksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)