Roorda wer op it fjild

Geert Arend Roorda mei wer traine
Geert Arend Roorda docht woansdei foar it earst wer mei oan 'e training op it fjild. De middenfjilder is trije wike út de rûlaasje fanwege de sykte fan Pfeiffer. Roorda hat fan 'e medyske stêf grien ljocht krige om rêstich op te bouwen.
De 20-jierrige Roorda hopet him takom wike wer oanslute te kinnen by de groep. Op 8 maart tsjin NAC_Breda spile er foar it lêst foar SC_Hearrenfean.