Nije bêden yn Tsjongerskâns

01 apr 2008 - 12:04

Sikehûs De Tsjongerskâns op It_Hearrenfean krijt twahûndert nije bêden. Meiwurkers binne út ein set mei de ferfanging fan 'e âlde eksimplaren. It sikehûs krijt twahûndert moderne elektrysk yn hichte ferstelbere bêden mei nije matrassen.

Ofrûne wykein sette it sikehûs fjirtich meiwurkers yn om in tal bêden te ferfangen. Nije wike folget de rest. De âlde bêden geane nei in sikehûs yn Poalen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)