Edukatyf projekt fûgelhelling

Ulen observearje op edukative dei by Fûgelhelling
Opfang de Fûgelhelling yn Oerterp begjint mei edukative projekten foar basisskoallen yn Fryslân. Yn 'e fûgelopfang sels en op it terrein dêromhinne kinne de bern ûnder oare rôffûgels en ûlen observearje.
De lessen binne ynearsten bedoeld foar skoallen yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân. Dêrnei wol de Fûgelhelling se ek oanbiede oan skoallen yn de oare gemeenten yn Fryslân.