Ynspeksje Fryske sinneboaten

De sinneboatrace yn 2006
Wubbo Ockels ynspektearret freed de Fryske boaten dy't meidogge oan de Frisian Solar Challenge. Ockels is ambassadeur fan 'e sinneboatrace. Hy sil alle skoallen bydel dy't meidogge. Hy begjint op it Marne College Boalsert.
De Frisian_Solar-Challenge is in wedstriid fan seis dagen foar sinneboaten. Fan 22 oant en mei 28 juny farre goed fyftich teams út binnen- en bûtenlân mei yn de race.