Lisplak Tigerboat feroaret net

01 apr 2008 - 10:13

De nije snelboat fan Doeksen mei fan 'e rjochter op it plak oanlizze dat de gemeente Skylge oanwiisd hat. Eigners fan 'e boaten dy't no yn 'e haven lizze, woene dat de fergunning foar it nije plak skorst waard. Foar seesleper Hunter fan rederij Noordgat soe it dreech wurde de haven út te farren as de snelboat te plak leit.

Noordgat koe oar plak krije, mar wol dat net. De skippen moatte by-inoar bliuwe om goed wurkje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)