Oppakt foar bedrigen Dútsers

01 apr 2008 - 10:04

De plysje hat fiif Lemsters oanholden foar iepenlike geweldpleging yn it sintrum fan de Lemmer. It giet om jongeren tusken de 14 en 18 jier. Twa wiken lyn bedrigen se in groep Dútske toeristen. De fertochten begongen de Dútsers samar út te skellen, te slaan en tsjin se oan te triuwen. Wêrom't se dat diene, koene se net sizze.

Alle fiif Lemsters moatte harren foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)