Amelanner riedslid stapt op

01 apr 2008 - 07:30

Erica de Vries-Faber stapt út de gemeenteried fan It Amelân. Se hat twa jier foar it CDA yn de ried sitten. De Vries hat in baan by de gemeente krige. Har funksje as amtner past net by it riedslidmaatskip.

Boargemaster De Hoop fynt it tige spitich dat De Vries der mei ophâldt. Hy seach yn it CDA-riedslid in oanstoarmjend polityk talint. De Vries wurdt opfolge troch de 61-jierrige Arend Jan Hakman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)