Inia by Arsenal-Liverpool

31 mrt 2008 - 21:51

Adriaan_Inia fan Gytsjerk is woansdeitejûn assistint-skiedsrjochter by de Champions League-wedstryd tusken Arsenal en Liverpool. Yn Londen spilet it Arsenal fan Nederlanner Robin van Persie de earste wedstryd fan de kwartfinale yn it Emirates-stadium tsjin Liverpool, dêr't Kuijt en Babel spylje. Inia is assistint fan haadskiedsrjochter Pieter Vink.

Inia giet dizze simmer ek nei it EK fuotbal yn Eastenryk en Switserlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)