Stenden Lounge yn Ljouwert

31 mrt 2008 - 16:08

De Christelijke Hogeschool hjit sûnt koarten Stenden University. En by sa'n hip ynstitút past dan fansels ek net mear in gewoane studintekroech. Dêrom is moandei yn it sintrum fan Ljouwert de Stenden Student Lounge iepene.

Studinten kinne elkoar dêr moetsje, se kinne der fergaderje, mar se kinne ek oan it wurk, want de fasiliteiten binne goed. Stenden tinkt dat studinten leaver hjirhinne gean as nei it haadgebou bûten it sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)