Plysje net frij op 30 april

31 mrt 2008 - 14:46

De plysje Fryslân is al drok dwaande mei de tariedings foar keninginnedei yn Makkum en Frjentsjer. Foar 30 april binne hast alle ferloven al ynlutsen.

Op de plakken dêr't de keninklike famylje op besite komt wurde tûzenen minsken ferwachten. De plysje en de gemeenten Wûnseradiel en Frjentsjeradiel hawwe maatregels betocht om it ferkear en de besikers sa ticht mooglik by plakken lâns de rûte te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)