Skylge wol jeie op guozzen

31 mrt 2008 - 12:28

Skylge sil dizze simmer de jacht op de skiere goes iepenje. De bisten jouwe in soad oerlêst foar boeren. It lân wurdt kealfretten en sa ûnderskiten, dat de kij it gers net mear frette.

Ek Steatsbosbehear hat har nocht fan de bisten. Dêrom sille de jagers op it eilân besykje om de populaasje fan hûnderten omfleanende skiere guozzen werom te bringen. Fan't maaitiid sille guozze-aaien skodde wurde, sadat der minder guozzen by komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)