Kompjûters Hearrenfean plat

31 mrt 2008 - 12:17

It kompjûtersysteem fan 'e gemeente Hearrenfean hat moandei lang plat lein. De steuring yn it systeem begûn yn it wykein begûn, doe't it systeem te hyt waard. Troch de steuring koene moandei gjin krekt berne bern oanjûn wurde of paspoarten oanfrege wurde.

Ek in grut diel fan de amtners koe net oan it wurk. Moandeitemiddei slagge it lang om let wer om it systeem op te starten. Neffens in earste kontrôle soe it systeem gjin skea oprûn hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)