Wolters fiert wmo Ljouwert út

Waanders plakt 'ik rijd op aardgas' op in taksy
It wmo-ferfier yn Ljouwert wurdt fan 1 april ôf fersoarge troch taksybedriuw Wolters. Wolters nimt it ferfier oer fan Conexxion dy't jierrenlang it ferfier foar handikapten yn Ljouwert die. De wmo-taksy's sille allegearre op ierdgas ride en oer in pear moanne op biogas.
Wethalder Waanders fan Ljouwert plakte moandei de lêste 'ik rijd op aardgas' sticker op in taksy om de oerdracht offisjeel te meitsjen.