Oanriding N381 by Appelskea

31 mrt 2008 - 08:02

By in oanriding tusken twa auto's op de provinsjale dyk by Appelskea is sneintemiddei in frou earnstich ferwûne rekke.

It ûngelok ûntstie neidat ien fan beide auto's fanôf de Tilgrupswei de provinsjale dyk oerstekke woe en dêrby in auto op dy provinsjale dyk oer de holle seach. It swier ferwûne slachtoffer is mei de traumaheli nei it sikehûs brocht. By it ûngelok rekken noch twa minsken ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)