Fernielings yn Frjentsjer

30 mrt 2008 - 15:11

De plysje hat sneontejûn seis manlju oanhâlden fanwege fernielings op it stasjon fan Frjentsjer. De seis koene op it stasjon ynrekkene wurde nei in melding fan in tsjûge. Se wurde derfan fertocht ruten fan in wachtlokaal en in reklamepylder fernield te hawwen.

De plysje hat de manlju meinommen nei it buro. It giet om trije jonges (16) út Frjentsjer, in jonge (16) út Dronryp, in Harnzer (18) en in jonge (16) út Doanjum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)