Riemersma fuort by Friese Land

© Omrop Fryslân
Bestjoerder Regina_Riemersma wol oan de ein fan dit jier ophâlde by thússoarch Het_Friese_Land. Dat hat se yn in ynterne brief wite litten, befestiget foarsitter Marten_Koopmans fan de ried fan tafersjoch.
Neffens Koopmans hat Riemersma's oankundige ôfskied neat te krijen mei it skeel dat se op it stuit hat mei de ûndernimmingsried. De UR hat it fertrouwen opsein, omdat se yntern net goed kommunisearje soe.