Swiere tiden draafsport

29 mrt 2008 - 15:23

It net goed giet mei de draafsport, om't der mar in lyts oantal draafhynders is. Dêrom wie der freedtejûn foar it earst yn Fryslân in dekhynstesjo, spesjaal foar de draverij yn hynstesintrum de Heidehoogte yn Aldeholtpea.

Merjehâlders, dy't dravers fokke wolle, koenen yn alle rêst 12 hynsten besjen. Oars moasten se dat op de draafbanen dwaan tusken de koersen troch. Der wiene sa'n 80 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)