Heroïnepost Zuidvliet iepene

De heroïnepost oan it Zuidvliet yn Ljouwert is de bêste fan hiel Nederlân. Dat waard sneon bekend by de offisjele iepening fan de post. Der binne op it stuit 25 ferslaafden yn behanneling dy't trije kear op in dei heroïne ûnder tafersjoch spuitsje. Dêrneist steane der ek alwer 9 minsken op de wachtlist.
Hoewol't omwenners yn it foar in soad protestearre hawwe, is der no noch gjin klacht heard.