Gordykster ferwûne
In 30-jierrige autobestjoerder fan De Gordyk is freed licht ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. In oare bestjoerder sloech op de Badwei linksôf, mar seach de auto fan it slachtoffer oer de holle. In oanriding wie it gefolch en de 30-jierrige hâlde dêr nekklachten oan oer.
Hy is behannele troch ambulânsepersoniel, mar hoegde net nei it sikehûs.