Dronken man rydt by auto op
In dronken automobilist út Sint Jansgea hat sneontemoarn betiid in parkearde auto oanriden en is dêrnei trochriden.
Omdat in tsjûge syn kenteken opskreaun hie, koe de plysje de 38-jierrige man letter thús oanhâlden en syn rydbewiis ynnimme. In ademtest wiisde út dat de man fierstente folle drank op hie.