Echtpear rêden fan wenningbrân

© Omrop Fryslân
Bewenners fan in hûs oan de Winia-ikkers op De Tynje binne sneontemoarn betiid rêden troch in buertgenoat dy't ûntduts dat harren hûs yn 'e brân stie. Hy makke de bewenners wekker troch hurd op de ruten te slaan.
De 62-jierrige man en 58-jierrige frou koene harsels noch op tiid yn feilichheid bringen. De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle. De plysje ûndersiket de oarsaak.