Lintsje foar Jantje Gerlofsma

29 mrt 2008 - 13:15

De 45-jierrige Jantje Gerlofsma fan Himpens is sneon beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Loko-boargemaster Yvonne Bleize rikte de keninklike ûnderskieding út yn doarpshûs De Bining yn Himpens. Dit doarpshûs bestiet 20 jier en frou Gerlofsma sit fan it begjin ôf yn it bestjoer.

Ek is se frijwillichster yn it doarpshûs en aktyf foar de kuorbalferiening yn it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)