Gjin bier op tribune

Bier is jûn net tastien op de tribune, feestfiere wol.
Supporters meie sneontejûn by de wedstriid Hearrenfean-Ajax gjin bier mei it steanfak ynnimme. Yn dat fak fan supportersferiening Nieuw Noord wurdt geregeld mei bier smiten. By de wedstriid tsjin Roda JC gie dat neffens de website fan Nieuw Noord te mâl en fleagen der sels folle trays mei bier troch de loft.
Nei klachten út it Nieuw Noord-fak sels en oare fakken is besletten om in ferbod foar ien kear yn te stellen.