Amtners provinsje yn beweging

De amtners fan de provinsje komme nije wike yn beweging
Alle amtners fan de provinsje Fryslân dogge mei oan de nasjonale sportwike. Op it program stean ûnder oare swimme, drave, keatse en fytse. Tongersdei dogge de amtners mei oan de nasjonale rekordpoging tritich minuten bewege.
Doel fan al dat sporten is it stimulearjen fan in sûne en sportive libbenswize fan de meiwurkers fan de provinsje. De nasjonale sportwike wurdt dit jier foar de fyfde kear holden.