Ofskied Cazemier Dongeradiel

28 mrt 2008 - 17:39

De ynwenners fan Dongeradiel ha freed yn de iisherberch yn Dokkum ôfskied naam fan boargemaster Cazemier. Hy giet fan takom wike ôf oan de slach by Omrop Fryslân. Cazemier wie acht jier lang earste boarger fan Dongeradiel.

Cazemier wie ien fan de arsjitekten fan NOFA, it gearwurkingsferbân tusken de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Achtkarspelen en Kollumerlân. Ek hat er him tige ynset foar de boeren mei de tongblierkrisis yn 2001.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)