AZC Dokkum maart 2009 ticht

28 mrt 2008 - 15:23

It asylsikerssintrum yn Dokkum giet op 1 maart takom jier ticht. De gemeente Dongeradiel hat it kontrakt mei it COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, begjin maart opsein.

De gemeente hat oare plannen foar it terrein dêr't it AZC op stiet. Hokker dat binne, wolle se noch net sizze. Yn Dokkum wenje noch hast 500 asylsikers. De mearderheid fan de ried wol dat der in nije lokaasje foar opfang komt yn Dongeradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)