Fryske moslims: Fitna falt ta

28 mrt 2008 - 13:32

De film Fitna fan Geert Wilders falt bot ta. Dat sizze Fryske moslims dy't de film sjoen ha. Se reagearje myld op Fitna. Neffens har jout de film gjin goed byld fan de Nederlânske moslims. De minsken dy't Fitna sjoen ha fine him mar bernich en amateuristysk makke. Fan ûnrêst is gjin sprake.

In delegaasje fan Kleurrijk Fryslân bringt freedtemiddei in besite oan de Moskeeën yn Ljouwert. Fitna wie tongersdei foar it earst te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)