Retecool pakt priisfraach op

It populêre weblog Retecool.com ropt alle besikers op om foarstellen yn te stjoeren foar de tagongspoarten fan Fryslân. De provinsje skreau woansdei in priisfraach út foar keunstners en arzjitekten om mei in plan te kommen foar in eigentiidske poarte oan de grutte ynfalsdiken fan Fryslân.
Retecool wol de provinsje helpe en ropt yn it ramt fan 'fotofuck freed' besikers op om in digitale foto op te stjoeren mei har ideeën.