De Jouwer as ambachtssintrum

De Jouwer moat it ambachtssintrum fan Nederlân wurde. De Stichting Uurwerkplaats makke plannen foar sa'n sintrum en de kâns dat it der komt wurdt hieltyd grutter.
Der binne in skets en in makette makke foar in lokaasje flakby Museum Joure. Dêr moat plak wêze foar klokmakkers, restauraasjeskilders en oare ambachtslju. Dy litte sjen wat se kinne en der is mooglik ek plak foar oplieding.