Probleemwiken wachtsje op jild

Lutz Jacobi op besite yn Schieringen-Heechterp
It duorret te lang foardat de fjirtich prachtwiken fan minister Vogelaar fan folkshúsfesting jild krije. Dat sei PvdA keamerlid Lutz Jacobi freed by in besite oan Heechterp-Schieringen yn Ljouwert, ien fan de wenwiken dy't plannen hat, mar wachtet op jild.
Ryk, gemeente en wenningkorporaasje kinne it net iens wurde wa't krekt hoefolle betellet foar projekten. Vogelaar wol Heechterp-Schieringen tsien jier lang 2,3 miljoen euro jaan.