Cramer iepent miljeuhuzen

© Omrop Fryslân
Minister Cramer fan miljeu iepenet mids maaie de beide 'Wêrom Wenningen oan de Wirden' yn Kollum. De huzen wurde enerzjyneutraal boud; se smite mooglik mear enerzjy op as se ferbrûke. It binne tradisjoneel boude huzen, mar se ha de nijste enerzjy- techniken Se binne unyk yn Nederlân.
Ferline wike waarden de huzen nominearre foar in prestisjeuze enerzjypriis.