Froulju Hearrenfean ferlieze

28 mrt 2008 - 10:53

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat tongerdeitejûn met 2-0 ferlern fan FC Twente. De beide treffers foelen yn de twadde helte en waarden makke troch ynfalster Sylvia Smits.

Hearrenfean bliuwt nei it ferlies stiif op it lêste plak stean mei 8 punten út 16 wedstriden. Dat is 13 punten minder as FC Twente dat ien nei lêste is. FC Utrecht giet oan de lieding mei 31 punten. Takom wike is dat de tsjinstanner fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)