Plannen spoar Dokkum-Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel is posityf oer de plannen fan iepenbier ferfierbedriuw Arriva om de spoarline fan Dokkum nei Ljouwert wer yn gebrûk te nimmen. Eartiids ried dêr it Dockumer Lokaaltsje.
Arriva docht op dit momint mei de provinsje Fryslân ûndersyk nei âlde spoarlinen yn de provinsje om te besjen oft se wer brûkt wurde kinne. De gemeente Dongeradiel hat yntusken in gesprek oanfrege mei Arriva.