Gjin coffeeshop yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Der komt gjin coffeeshop yn de gemeente Dongeradiel. Dat hat de gemeenteried tongersdei besletten.
De PvdA woe in proef fan twa jier en krige stipe fan de VVD en Algemeen Belang Dongeradeel. In mearderheid fan de ried fan it CDA, ChristenUnie en FNP wie tsjin. It CDA en ChristenUnie tinke dat troch in tastean fan in coffeeshop it drugsgebrûk tanimme sil. Neffens de PvdA jout in coffeeshop krekt bettere kontrôle mooglikheden