Oanlisjild boaten yn Langwar

© Omrop Fryslân
As it oan boargemaster Kuiper fan Skarsterlân leit giet it plan foar oanlisjild foar boatsjes yn Langwar en De Jouwer net troch. De gemeente en tal fan ûndernimmers binne benaud dat foaral Langwar troch dizze aksje in minder goed imago krije sil.
De partikuliere eksploitant fan de havens wol jild ha fan boatsjeminsken dy't oerdei efkes oanlizze, omdat se faak fergees gebrûk meitsje fan de havenfasiliteiten.