14 finalisten SjONG bekend

27 mrt 2008 - 19:52

Foar de finale fan it festival SjONG binne seis groepen en acht solisten selekteard. Se binne keazen út 41 dielnimmers, dy't meidiene oan de foarronde. Dy foarronde wie tongersdei yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. De sjuery bestie út sjongeres Mink en rapper Remon.

SjONG 2008 is bedoeld foar bern tusken de 12 en de 18 jier út it fuortset ûnderwiis. De finale is op 17 april yn de Koornbeurs yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)