Plysje ûntdekt himpplantaazje

© Omrop Fryslân
Yn in loads oan de Hidalgowei yn Ljouwert hat de plysje woansdei goed 700 himpplanten fûn. De plantaazje siet op de boppeferdjipping fan it gebou en wie profesjoneel opset.
Alle planten en de apparatuer binne troch de plysje yn beslach naam en dêrnei ferneatige. Der wiene gjin minsken yn de loads. De plysje docht ûndersyk nei de hierder fan de loads.