Snits wol poly yn Emmeloard

Snits wreidet út yn Emmeloard
It Antonius Sikehûs yn Snits hat in lokaasje op it each foar in nije polyklinyk yn Emmeloard. Sûnt oktober hâlde njoggen spesjalisten út Snits al sprekoere yn Emmeloard yn in needgebou.
Der komt in nij ferpleechhûs yn Emmeloard en it sikehûs soe dêr by yn kinne. De earste risseltaten fan in ûndersyk binne posityf. Yn april wurdt dúdlik oft de nijbou fan it sikehûs yn Emmeloard trochgiet. As dat sa is, komme der earst needgebouwen.